Categorieën
Uncategorized

Gedichtenboek

Gedichten Waling Dykstra ferskynd

07-10-2019 Nijs algemien

Ferline wike tongersdei 3 oktober is yn poadium Obe Duvelskeunstner presintearre, in blomlêzing út gedichten fan Waling Dykstra.

Gearstaller Abe de Vries (op it stuit gastûndersiker by de Fryske Akademy) en heechlearaar Frysk Goffe Jensma joegen beide in lêzing oer ‘Waling-om’, dy’t neist bakker en boekbiner ien fan de wichtigste grûnlizzers fan de Fryske literatuer west hat.

It earste eksimplaar fan it boek is yn ûntfangst naam troch Philippus Breuker. De boekpresintaasje wie ûnderdiel fan de rinnende útstalling ‘Waling Dykstra — Foarútgong’.

Oer it boek

De ûnbekendste bekende poëzij yn de Fryske literatuer is tsjintwurdich wierskynlik dy fan Waling Dykstra (1821-1914). Populêrder as Dykstra yn syn gloarjetiid wie, hat gjin Fryske skriuwer wer west, mar syn gedichten komme net foar yn de mear resinte algemiene poëzijblomlêzingen, of it moat in inkelde liettekst wêze. It foardiel is dat syn grut poëtysk oeuvre — it earste fers hjir datearret fan 1838, doe’t er 17 wie, it lêste fan 1912, doe’t er 90 wie — noch op ûntdekking wachtet. Dizze blomlêzing, besoarge en ynlaat troch Abe de Vries, is de earste út inkeld syn gedichten.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd.