Iepenloftspul:Wat bisto leaflik!?  

Juny 2023 

In iepenloftspul oer Waling Dijkstra, ien fan Fryslâns grutste skriuwers en dichters en grûnlizzer fan de Fryske toanielkultuur. 

It ferhaal
Waling moast yn Spannum de bakkerij mei syn mem draaiende hâlde. Dat die er mei tsjinsin, want hy wie folle leaver dwaande mei skriuwen en dichtsjen yn de Fryske taal. Yn it doarp hiene se net sa folle op mei Waling fanwege syn oare wize fan tinken. Ek op it mêd fan de romantyk hâlde hy him net oan de yn dy tiid jildende regels. Dat alles soarge foar in soad drama yn syn libben. De titel ‘Wat bisto leaflik!?’ ferwiist nei syn bekende liet ‘Simmermoarn’,  mar wie Waling sels wol sa leaflik? 

Passy Pôle

Foarôfgeand oan it iepenloftspul kinne jo, yn in festivalsfear, alfêst yn de kunde komme mei Waling Dijkstra syn passys. Jo kinne sels kreatyf oan de slach, genietsje fan in foardracht as fan muzyk, der binne fersnaperingen en der is mear. Foar mear ynformaasje, klik hjir.

In inisjatyf fan: CMV Oranje Spannum en
Stifting Mei-inoar Spannum
Skriuwer: Dick Jansen
Rezjy: Tineke Broers
Komposysjes & muzikale lieding: Thom Zigterman
Muzyk: CMV Oranje Spannum

Ticketynformaasje